Beste watersportliefhebbers:
Bijgaand een interessante uitzending van OmropFryslan!
Komt it goed mei de wettersport yn Fryslân? Al hiel lang hat ús provinsje de kopposysje fan Nederlân as it giet om de wettersportsektor. Der komme in soad minsken mei de boat mei fakânsje en de jachtbou is ek grut. Mar yn de krisisjierren hat de jachtbousektor in flinke klap krigen. Boppedat komt de slimste delgong der noch oan: nije generaasjes wolle gjin boat besitte. Mear as santich persint fan de boaten binne fan 50-plussers.
De provinsje hat hast 300 miljoen euro ynvestearre yn de wettersport mei it projekt Fryske Marren. It doel wie de wurkgelegenheid en de leefberens yn de wettersportsektor te ferbetterjen. Kin dy ynvestearring de enoarme krimp yn de sektor keare?
Yn Fryslân DOK in byld fan de wettersport mei ûnder oaren leafhawwers dy’t sjogge dat de fergrizing taslacht, in jachtboubedriuw dat noch bestiet mar sawat tachtich persint krompen is en in wittenskipper dy’t him ôffreget oft al dy ynvestearringen in de sektor echt wat opsmiten hawwe.
http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-5-juny-2016-1700